Fan 21 oktober 2001 oant 21 juny 2002 koe hjir it keunstprojekt www.breewar.nl folge wurde. It projekt fan Henk de Boer, śtfiert ūnder de flagge fan Stifting "De Paupers", draaide om it eardere eilāntsje Breewar yn de djipste polder fan Fryslān. Yn dizze kronyk fan it plattelān waarden de bewenners, de natoer en de skiednis folge en koe dei oan dei sjoen wurde wat dat foar gefolgen hie foar it kreative proses en de ynspiraasje fan de keunstners.
LET OP!!
Fan it hiele projekt "Breewar" is in CD-rom makke. Dizze CD-rom kin tsjin de kostpriis fan 7.50 euro besteld wurde fia info@breewar.nl. It komplete wurk stiet der op:
* De hiele website www.breewar.nl *De paupers-website *De Skarl-website *De fideo-opnames *De śtstjoering fan "Spegels" sa't dy op Omrop Fryslān te sjen wie *Alle muzyk *Foto's *Kritiken śt de kranten en oare publisiteit *Reaksjes fan besikers.
Under de links "it gemaal" en
"it kikkertkonsert" binne stikjes muzyk te hearren, doch it lūd dus oan! Sjoch ek by "hānfol hokkelingen" foar de maitiid |
Der binne wer in pear nije gedichten fan Jacob Bouwhuis taheakke.En in ferhaal by "it gemaal" | Nije tekeningen en foto's fan turfmeitsjen by bewenners en by de link "it gemaal/aaisykjen" en foto's fan de winter. Sjoch de plannen by "dat sil grif feroarje"
|
Wźz net te gau tefreden en sis nei in pear klikjes hjir stiet neat op. Mar nim de tiid en bledderje troch dizze site. Gean op sjou troch Breewar en wźz net benaud om te ferdwalen. Dan pas sjochtst de aardigste saken en kinst dy in foarstelling meitsje fan it teater.
Al tūzen kear bin ik hjir troch hinne rūn. En likefolle kear fernuvere ik my der oer dat ik op de boaiem fan in mar stie. Kopke ūnder yn de Warkumermar. Sawat trije meter ūnder de seespegel. En op healwei kaam ik dan dy eigenaardige bulte foarby. Breewar. In eilān op it droege. Mei in hānfol hokkelingen as bewenners, dy't fanōf dizze hichte noch like dom mar wol folle fierder de wrāld yn sjen kinne.
Ik woe der wat mei dwaan. As byldzjend keunstner. Yn myn holle wie ik al op it eilān. En siet op it bankje dat ik der delsetten hie. Under in dak fan beskildere doeken. Wer de sinne troch hinne skynde sadat de kleuren noch moaier waarden. En op dat bankje soene de minsken fan de stilte genietsje moatte. Pas dan soene se yn de gaten krije hokfoar lūden by it plattelān heare. "De Kapel Fan Breewar" soe it hjitte moatte, want it eilān wie fan de tsjerke.
De seespegel woe ik ferbyldzje. En ik soe in muzykstik meitsje wolle fan it gemaal dat der net mear stiet. Dat grutte gebou wźryn in masine it wetter jier yn jier śt op peil hold. No sjochst der allinne noch mar in lyts kastke stean.
Gedichten! Ja, gedichten moat ik ek meitsje!... Jacob Bouwhuis... dy moat ik freegje. Hy skriuwde eartiids gedichten, as JacGB, oer Breewar en de mar. Hy wie dźr berne. Lykas myn skoanmem dy't mei har famylje yn in hśske by it stoomgemaal wenne. De Teernstra's en de Feenstra's mei harren bern en dźr de bern wer fan.
Dy minsken moat ik ha. Minsken dy't in bān mei Breewar en de mar hawwe. Dizze "markikkerts" kinne my it ferhaal fertelle. Sy kinne de ynspiraasjeboarne wźze foar myn artistike śtspattings. Dizze gewoane minsken binne de haadpersoanen yn "Breewar.nl".
Okkerdeis haw ik myn skoanmem, Marie Visser-Muller, frege. Se wie goed tweintich jier doe't se yn 1943 troude en śt de mar en de earmoed wei gie. Sy kin weromsjen en oer it ferline fertelle.
Doe bin ik nei Jitte Feenstra stapt. De fyftich foarby en hikke en tein yn de mar. Hy wennet deun neist Breewar en der moatte in protte Pronken en Brinkhorsten oan te pas komme om him der wei te krijen.
Foar de jongste generaasje sille Matteke en Anna ferslach dwaan. Wolle se der wei? Moatte se der wei?
Mids juny 2002 wol ik it projekt ōfslśte mei "it Kikkertkonsert" oan de Holle Mar. Dizze maitiid op in moaie soele jūn haw ik de lūden fan de kikkerts opnommen op bān. De groep "Skarl", mei gitarist Philippus (fan Jitte) Feenstra, sil in muzykstik meitsje mei dizze kikkerts yn de haadrol.
Elke dei meitsje ik trije foto's fan trije fźste lokaasjes. Besjoch se mar. It bin der in soad, dat it duorret wol efkes. Dizze foto's wol ik dan brūke as dekor by in foardracht oer de seizoenen. Troch se efter elkoar te projektearjen ūntstiet in koarte film oer trije fearnsjier Breewar.
Sa tink ik der no, yn oktober 2001, oer. Mar dat sil grif feroarje.
Klik hjir foar fergrutting, klik hjir foar detail
Want ik woe mear witte fan de mar en fan Breewar. Dat ik dūkte yn de argiven fan provinsje, gemeente en wetterskip. Wat ik dźr tsjinkom lit ik hjir sa gau as mooglik witte.
Elke wike kinne jim hjir sjen wat der oan skilderijen, gedichten, nijs en plannen bijkommen is en wer ferdwynt. Sa kinne jim stap foar stap folgje wat der śteinlik yn de earste wiken fan juny 2002 op de keunst en teater foarstelling te sjen is.
Reaksjes binne fanselssprekkend fan herte wolkom nei reaksjes@breewar.nl en kinne mei nommen wurde yn de foarmjouwing fan dit projekt. Klik hjir mar...
Sa no en dan nimst in foto en komme der tinzen yn dy omheech. Dan knoopst inkelde foto's oan elkoar mei in ferbinende tekst. Dat is al in bytsje teater.
Jūn.
As de sinne skriemend ūndergiet
en syn read betrienne eagen
dy deis foar't lźst oer Feenstra's pleats gean lit
krijt Jehannes krekt de sliep.
Breewar moat meand wurde.
Moarnier.
Links nei de sites fan stipers en meiwurkers.