jitte.jpg (8982 bytes)

mei syn allen,

as it

dan simmer

wie,

boarten wy

yn it hea

dat wie genôch

hea

it iennichste boartersguod

mar der wiene wol

in bulte bern

dat is tink it ferskil

mei hjoed

in bulte boartersguod

mar gjin bern om mei te boartsjen

allinnich

 

tek_jitte_copy.JPG (19202 bytes)

29 oktober,

...58 jier lyn is dizze man hjir berne, yn de Mar. Jitte Feenstra is de namme en ik wenje no deun neist Breewar. Ik bin troud mei Marijke, dat is ien fan Philippus Teernstra, en dy hat, leau ik, ek altyt yn de Mar wenne. Ik soe krekt de wynmûne eefkes oansette.....

...it waait no wol aardich.... eefkes wat ljocht meitsje. Trije winters ha ik mei dat ding oan de gong west. Dat foel om de donder noch net ta. Der sitte wol acht fearen yn sadat hy altyt deselde snelheit hat...hoe hurd it ek waait. As it hurder begjint te waaien pakt in oare fear it oer en wurd de hoeke oars. Och... ik meitsje wol in sketske dan kinne jim it sjen hoe oft it wurket. Mar no ha ik dan dochs myn eigen stroom. Ik kin yn myn eigen ljocht stean!...

...Grienere stroom fynst nergens!...

...Ik ha ek noch in lytse mûne by de reinwettersbak stean.....

 

...dat ûnderstel is fan in kever, der hat Eise Speerstra noch yn riden.....hy pompet it wetter....as er draait fansels...út de bak wei nei in badkúp op de souder.... derwei brûke wy it foar it húske om troch te spielen. By Nuon Wetter ha se der krekt in man foar oannommen dy't útfine moat hoe't de minsken reinwetter brûke kinne foar it toilet....griis wetter sizze se der tsjin. Ha, ha, en wy ha it hjir al tritich jier..tritich jier griis wetter! .....Ja, fiif jong katten ha we..se bin allegear al fersein..né kinst net mear ien krije....

...ik miende dat ik de wurkbank ek opromme hie....leit er al wer fol... komt fan it prutsen moatst mar tinke...en dochs moat der in foto fan it gemaal wêze wer't de skoarstien noch by stiet...Marijke sil wolris by Sibbele sjen dy hat faaks noch wol wat......

10 novimber 2001

....haw ik de hiele sneontejûn sitten te tekenjen oan dy skets fan dy wettermole...dan wer oan'e tafel en dan wer nei bûten ta om te sjen hoe oft it ek al wer yn elkoar siet...jim moat it mar ris goed besjen .....ik bin ek útein setten mei in skets fan de wynmole mar dat is in tekening wurden sa't ik it yn myn dreamen graach meitsje wollen hie.....

19 novimber 2001

......ik hearde fan Jehannes Weitenberg dat it Fryske Gea it wetterpeil hjir oan'e oare kant fan de tochte omheech bringe wol....as wy it mar net krije...sa as yn'e maitiid fan 1964, doe stie de hiele Mar blank....yn'e fierte stiet de pleats fan Bouwhús......

mar_underwetter_1963 copy.JPG (20639 bytes)

allinnich Breewar net...haha.....dat woene in swikje projektûntwikkelders yn de santiger jierren ek soe by de pleats fan Sipke de Haan in rekreaasjestrân komme...en oan de kant fan Warkum 550 bungalows......en wy hjir wei seker...no moai net!....saniis tocht noch oan dy man fan it PEB...yn 1960 krigen wy stroom yn de Mar en sette hy dy grutte houten peallen hjir yn'e grûn...36 jier letter waarden de kabels yngroeven en kaam dyselde man hjir wer..... ja hoe is't mooglik...deselde man!...om de peallen der wer út te heljen..... moai no...it wiene de lêste peallen yn Fryslân en ek syn lêste putsje...dernei gie der yn de vut....dat fyn ik no moai dingen......

25 novimber 2001

.....och, jo moatte wat hè....binne wy mar trije dagen fuort west en haw ik daliks rotten by de hinnen.....mar ik krij se wol...in fal ûnder it brechje en mar hope dat de katten der wei bliuwe....dy jong katten ju...siet der fannemoarn ien yn

16 jannewaris 2002

....och hearken man, ik soe fanalles noch. Mar dan silst it krekt treffe... ús dochter Anneke wie ein desimber útrekkene en as it sa fier wie dan soene Marijke en ik der hinne....want do kinst der lang en breed oer prate mar asto pake wurdst, en it is ek noch de earste kear dan giet er dochs wol  wat troch jo hinne.....mar it wie allegear wat betider as we tochten en sa rekken we al de fjirtjinde desimber nei Denemarken ta....Wiebren en Anneke ha der al in pear jier in buorkerij.....hjir yn Fryslân wie der foar harren gjin begjinnen oan...as jonge boer moat der dan safolle jild op it kleed komme, dat is gewoanwei net op te bringen....dat se binne nei Denemarken ta gien,  yn'e omkriten fan  Aalborg....se hawwe it der pûrbêst nei't sin en no ha se dan in lytse poppe derby..... wy ha der âld en nij útsitten en bin der oant jannewaris ta bleaun...Marijke koe der moai wat yn'e húshâlding helpe en ik haw   wat ompopke mei myn earste pakesizzer..... it is in famke en se hjit Maria .....in lyts Deensk markikkertsje...

pake.jpg (16379 bytes)DIT BINNE WY DAN...

....mar no binne wy wer thús yn'e mar en giet it libben syn gewoane gongkje wer sa'n bytsje....ik hearde fan'e wike ek dat Lolke ferstoarn is...hy wie de lêste jager hjir yn'e mar.....hy hat hjir syn hiele libben hast omswalke mei it jachtgewear.....Lolke jage dy kant fan Ferwâlde út.....syn eagen waarden wat minder dat hy rekke de lêste tiid net safolle mear....dê sille de hazzen wol bliid mei west ha tocht ik....... de oare kant út, hjir by ús efter hûs, dat wie it jachtterrein fan Kleis Húsman....as dy achter yn de mar in ein skeat, dan koe der it sa fertelle dat er mei in swan út it lân wei kaam....mar Lolke is der net mear...sa bliuwe der sa stadichoan net safolle âlde bewenners fan de mar mear oer....wy wurde noch seldsum.....no   komt dat net sa raar út want de hiele mar is fûgeltsjelân en behearsgebiet dat dan kin it Fyske Gea ek moai op ús passe....rûnom ús hûs is it "ganzengedooggebied" dat ik kin mei goed fatsoen ek net mear it lân yn te mollefangen....foar Jehannes Weitenberg fang ik noch wolris in pear dêr op it hege stik.....och it is ek sok ferrekte aardich wurk, dat mollefangen...moai allinnich yn't lân...dat sil aanst ek wol oer wêze, want dat kin net mear no juh, fan dy lytse bistjes fange omdat se de polderdyk ruïnearje, want dan bin se wol dea....en aaisykje doch ik ek net mear ...nee dy tiid is foargoed foarby, dat ik gewoan eefkes in kuierke troch it lân meitsje koe, eefkes nei de fûgeltsjes sjen....der moat ik no in fergunning foar ha, wylst de bisten by ús sawat by de hoksdoar komme om te freegjen hoe't it der mei giet....

23feb copy.JPG (12612 bytes)

....tinkst datst alles hân hast! Krigen wy 23 febrewaris dochs noch in pear buien om'e earen...

It hat oars net folle winter west fan't jier.....de redens ha net iens út it fet kinnen. Sil it fan't simmer wol wer optille fan'e miggen.....Ja yn jannewaris is der wat snie fallen, it hie net sa folle om'e hakken mar in moai gesicht wie it wol....as ik dan nei bûten sjoch, dan is it hjir krekt in krystkaart........

jan_winter_beamke copy.JPG (16063 bytes)

snie_dec_2 copy.JPG (16780 bytes)

....ja, hjir sille wy wol wer in jier op wachtsje moatte....earst is it wer tiid foar de fûgeltsjes en blommen...en de tún net te ferjitten. Der moat aanst wer bouhakke wurde....altyt in hiel krewei....och, moatst de boel net yn ien kear omlizze wolle...eker foar eker, dan falt it wol ta..........

 

mollen_7.JPG (18718 bytes)

......no dat treft ek noch aardich...ik ha krekt in rûntsje makke troch de mar.....jawis hjir sitte noch wolris in pear mollen...de iene kear wat mear de oare kear wat minder, mar altyt binne der wol in pear...de moast de goeie gongen sjen te fynen, no. Kinst sa yn it wylde wei wol wat klemmen sette mar dan fangst nea in mol. Né, do moast presies witte wer datst wêze moast. Ik wie seis jier doe't ik begûn te mollefangen. No bin ik njoggenfyftich dat ik ha al mear as in heale ieuw fan dy moaie lytse bisten út de grûn helle. Se binne ek net bang mear fan my. Se sille wol tinke: "As wy dan dochs fongen wurde moatte, dan mar troch Jitte, dan witst dat it wol goed komt. Mar ienris yn de klem dan is it fansels wol oer mei de mol.

mollen.JPG (9986 bytes) mollen_6.JPG (9762 bytes)

mollen_9.JPG (10109 bytes) mollen_8.JPG (9632 bytes)

...moaie bisten en se smoke gjin segaren...

.

mollen_2.JPG (14051 bytes)

...och, dit sil aanst ek wol foarby wêze, sa geane dy saken dochs, want it is begrutlik no...

.....mar lêst hie ik it oer it bouhakjen. Dat dat ek noch dien wurde moast. No ast it der oer hast dan tinkst dat it noch wol in pear wike lije kin mar do hast it noch mar justjes sein of it is al safier en is de heechste tiid dat it spul de grûn wer ynkomt. Ik bin no oan de beantsjes ta. Dat doch ik op de marokkaanse manier sis ik altyt. Hjir en dêr wat delstruie en dan letter mei in stokje yn de modder triuwe. En it hoecht ek allegear net sa moai op in rigeltsje. Dy beantsjes komme der wol oan, sit der mar net oer yn..... Us Filippus en sjoerd ha der ek noch in stik muzyk fan makke...oer de tún en de griente fan my....

beantsje_1.JPG (16376 bytes)

Myn libben lang haw ik fan dizze grûn iten. Beantsjes, woartels, andyvje en kroppen slaad. Nea is der ek mar ien bespuite koal by my nei binnen glide. Myn leafde brocht hinnen en geiten grut. Sy joegen my aaien en molke en nije piken en nije geitsjes. Doe haw ik de âlden mei smaak ophaffele. Ach...weelderich wie myn bestean net. Mar ek net meager, want fet wieder genôch. Bargefet! Fette kluven, murchpipen wer't sop fan lutsen waard. It goede, fansels dat haw ik hân. En lykas de geit en de hin joech ik lichem en geast werom. Fan myn lichem hat in gesin tweintich jier iten. En myn geast ha se tweintich jier brûke kinnen. Want âlden wurde mei smaak ophaffele. En aanst bin ik op. Dan lis ik ferkrommele op myn eigen stikje bou en fewurdt ik ta sêfetsompige modder dêr't beantsjes op groeie as koal! Want der sit hjir in skat yn'e grûn. As hjir skylk nije monsken wenje lit dan de âlde Mar sop fan my lûke. As skylk in oare generaasje fan de bou har iten wer krijt lit myn murchpipe dan gearsmore yn it gleonhjitte sop fan de Mar. En fuorje my dan oan de grûn fan de Mar.

No't it begjin wer by't ein is en de sirkel wer rûn

No't de rûnte folslein is, fuorje my oan myn grûn

Fuorje my, fuorje my, fuorje my oan myn grûn

De rûnte, de rûnte, de sirkel is rûn............

Fuorje my fuorje my, fuorje my oan myn grûn

De sinne, de moanne it is let op'e jûn.......