Mear gedichten...

Dit gedicht is yn 1979 publisearre yn de bondel "Friesland Dichters Vandaag"

Nei oanlieding fan it socialistyske karakter fan de ynhâld ( de ivich wrottende arbeider) is it dit fers fertaald yn it Oekraynsk en publisearre yn de eardere Sovjet Unie.

 

DE BOEREARBEIDER

Healwei de buorren stie syn nederich sté

lyts, sa't hearde

As de iere moarn

noch nacht wie

trape hy syn fyts nei syn brea

En jierren lang stoaren maitiden en simmers

yn hjersten en winters

Dan molk er de kij en wrotte op it fjild

liet triennen by in ôfskied

lake by nij libben

Djippe groeven klommen

fan syn hannen nei syn holle

de rêch waard krommer

It betelle mei krapte

mar de molke wie fergees

en efter de tsjerke leit syn nederich sté

lyts, sa't hearde.