BYTSJE WINTER
De mar rûst stom syn wiete libben tsjin in oandiene reidkraach hwer’t foarsichtige flueskes iis wrakselje om harren bestean. In iensume striid dy’t de middei net hellet mar moarns ier wer súntsjes tusken de reiden glûpt. JAC. G. B. |