De Ljurk
Hjerstige fertrape kowepoatestappen beheine it plak, lyts en ūnsichtber, fan'e briedende ljurk. Wei wurden tusken tūzen gerzen pinkster- en būterblommen, reade en wite klaver noch opnommen yn'e krimpende wrāld. Sjit dan sjongend nei de skjinne loft los fan grūn en greide fluitet in himelsk lūd, sa heech, sa suver en oerstjelpjend.
lytse ljurk, grutte minsken, grutte freonen.
Boppe it griene, neakene fjild, sūnder būter- en pinksterblommen, wite en reade klaver, is de loft noedlik skjin. Rjocht wurdt de tekken fan gźrs, sljocht de de seadden en sletten, En de stielblauwe maitiidsdei keatst in ientoanich trystich lūd.
fier freonen, grutte minsken, lźste ljurk
|
Jac.G.B