Fisk,
Okkerdeis krige ik in e-mail fan Doortje Bouwhuis. Sy wenne foarhinne op in pleats ûnder Parregea. Har buorlju, oan'e oare kant fan de Trekfeart, wiene fiskers. Doartje wist my te fertellen dat de pake of oerpake derfan eartiids yn'e Warkumer Mar fiske. Dat die my tinken oan it gedicht fan Jacob Bouwhuis (net famylje wol ik leauwe, en oars hiel yn'e fierte) oer Teake de Fisker. Fan dizze Teake wit ik dan wer dat syn pake op it eilân Breewar oan it wilsterflappen wie. Fansels witte wy ek dat Jopie Huisman yn de Holle Mar syn fûken út stean hie. En neffens syn sizzen sieten der grauwe ielen yn.
Teake de Fisker
Wannear't de nacht
as 'n feale tekken oer de Mar leit
dobbert it boatsje, mei 'n hast ûnsichtbere Teake, tsjin'e reidkraach.
It reid,
wat syn ferbeane drift nei it poeren ferbergje moast
de eagen dy't sjitte oer egale greiden
earen dy't ûnderskie meitsje tusken fûgels en ûnrie
Moarns ier,
lûkt hy de tsjokke tekken oer syn ferklomme lichem
wylst de iel, skjinmakke, yn it sâlte wetter leit.
JacGB
juster haw ik skille mei Tjitte Wijngaarden, dy't no op it plak wennet wer't syn oerpake Douwe Visser syn fiskerij hie. Dizze Douwe sette syn fûken út op de Warkumer Mar. De iel dy't se fongen waard dan nei de ielpôle (dêr wer't it hûs fan Jopie stiet) by Warkum brocht. Ielhannelers kochten de fisk en mei de ielaken fan de Gaastmar en Heech waard it spul nei Londen ferfierd. Tjitte soe my noch in foto stjoere.
Frou Roorda,
.....juster gie de tillefoan.... jo prate mei frou Roorda út Wytgaard... sei se.... ik haw jo stik sjoen yn de krante....oer Breewar... dêr bin ik berne...yn 1922.. ik bin in dochter fan Brúnsma.. ....wy wennen op it Hinkeskar....in moaie tiid,mar it koe der ek spûkje.... ús heit sei altyt dat de buien de mar opsochten.... dan siet er yne stoel en fertelde dat er op in dei ynt lân wie by de kij.... hy stie dêr efter yn de Kolken.....
twa kannen swier fan molke holden lykwicht yn it jok dat him oer de kromme skouders lei. In giele gloed, in frjemde loft kaam op him ta, hjir en der in twirre dyt feroare fan ûnrêstich rûzjen yn grimmitich razen it wiske en it kolke om him hinne doet er opnommen waard as in profeet yne lêste ein fan alle tiden gewichtleas toppe heit dêr troch de loft gûnzjend as in miggeswerm op in neare simmerjûn. Eefkes nei de himmel ûnderweis (guon buorren sprieken fan de hel) Ien, twa meter, doe kaam heit oan oare kant de sleat wer del Us heit syn paradys, dat wie net boppe yn de wolken, mar op min trije meter, efter yn de Kolken! ...en buien? buien lûke altyt nei de mar as buien, hoas en winen ienris west ha bliuwe se sykjen nei Breewar. |