FOARBY
Syn stimlûd sette
it span hynders
hymjend yn beweging
de beagen kreaken
't swit glom
en de sinne wist fan gjin ophâlden
it meande fjild
sprute wer út
en like as nij
syn sêfte stimlûd
jeide 'n inkelde fûgel op
doe't de fuotten net mear rûnen
de hannen te rêsten leine
en syn stimme net mear spriek
fregen twa wurge eagen
nei de ûngetiid
dy't gjin ûngetiid mear wie.
JAC. G. B.