28 oktober,
...19 maart1922 bin ik berne. Ik bin dus noch gjin tachtich sa't Henk sei yn de krante. It oare jier wurd ik pas tachtich. Dan bin ik al wer sechtich jier út de mar wei. De tiid fljocht. Soms dan liket it noch mar krekt lyn...dan is it krekt sa stean ik wer midden yn dy earmoed. Ik kom noch geregeld yn de Mar. Elke wike helje ik, as it om it waar, kin aaien by Jitte en Marijke. Even in praatsje meitsje. Marijke is ien fan Philippus en Anne. Us heit siet destiids yn de wurkferskaffing en hy hie der noch fiif kij by en hy holp wat by Philippus. Mar wat er ek die..hoe hurd as der ek wurke...it bleau bline earmoed. En al hoe earm we ek wiene .. we hiene in soad wille. Mei syn alven wienen we thús... ...En wa't koe moast meihelpe...
...Dit bin ik, mei myn broerke op de earm... |
...En de hiele mar stie yn de maitiid fol mei blommen, fan dy wite kamelle blommen wiene it leau ik...
1 novimber,
...Us heit is net âld wurden....hy krige in knoop yn de terms en yn dy tiid koest sa hurd net yn in sikehûs komme dat hy stoar ûnderweis. Doe wie der hielendal gjin sint mear...sosjale fersjennings wiene der net....segeltsjes plakke...der mei koene de minsken garje foar in pensjoentsje... hiene ús heit en dy net dien, want der se hiene al hielendal gjin sinten foar. Hoe't we troch de tiid kommen binne...Joast mei it witte. Philippus hat de kiste mei ús heit op in platte wein mei't hynder nei Warkum ta riden. Oer dat drekpaad ... De boaiem skaaide by tiden oer de grûn........
10 novimber,
......ús heit helle dan hûssmoargens by de gemeente út Boalsert wei.....fan sokke platte preamen dy't sljocht fol sieten mei rotsoai en dy skoude hy dan mei de boom nei de mar ta.... ús heit hie in stikje lân dêr wer ast no fan de Aaltsjemarwei ôfslaan kinst nei de mar ta... dêr fuort achter de polderdyk wie in sleat dy't hy mei de smoargens fan de minsken út Boalsert tichtgoaie woe. En wy as bern moasten helpe....mei ús bleate hannen klauden wy yn de ôffal fan oaren om en holpen de pream te leegjen...en stjonke!....stjonke dat spul!... sjochst it no yn de tredde wrâld noch wolris op de tillefysje... Soms fûnen we noch wolris wat....in kopke of sa...wat de minsken per ûngelok falle litten hiene....meastentiids wie it neat..minsken goaiden doe net earder wat fuort as it stikken wie en net mear te meitsjen....gruttere troep wie der dan ek net te finen.... mar de sleat rekke der mei ticht en it levere ek noch in pear sinten op as heit de pream skjin wer ôflevere.
Hjir moast dy foto sjen...
...dat sa'n jongfrommes yn it ôffal omklaut hat...Dy foto haw ik yn'e oarloch meitsje litten by Obbema yn Snits.... Marten (dêr hie ik ferkering mei en bin ik no al hast sechstich jier mei troud) moast nei Dútslân ta te wurkjen en ik woe him dizze foto mei jaan as oantinken....mar de deis dat hy fuort moast is der thús bleaun en ûnderdûkt...yn de Ferwâldsterfeart by ús achter yn it lân lei in boatsje en dêr hat hy earst in pear dagen yn sitten...dernei is der nei de pastorij gien...sliepte by de kapelaan....in fertroud plak, of net soms!
...ja .... dit fyn ik ek sa'n moaie foto. Klik der marris op...
...Baukje...in suske fan my...op it stap by de Yndyk...se makket de molkbus skjin...is mar santjin jier wurden. It wie op sneintemoarn...mem wie nei tsjerke ta...Baukje wie de deis derfoar ek al net lekker...en no seach se net goed mear...Mem is mei gang ophelle en dokter hat noch in spesjalist út Grins der by helle.... it hat neat úthelle want de jûns is se ferstoarn....it kaam fan de griep, woene se wol ha....
...it kaam fan de gryp woene se wol ha in lyts ienfâldich grypke ûnskuldich, neat om de hakken och, in grypke mar it wie har nei de holle set in lyts ienfâldich famke ûnskuldich, laitsjend op it stap noch in famke mar krekt dy moasten se ha. |
Jannewaris 2002,
Mar wer't der oan de iene kant ien ferlern giet komt der oan oare kant ien by want by Bouwhús waard op it selde stuit in jonkje berne...Jacob....der wie ús mem baakster.
JONKJE
It stimke kraaide yn in streamfersnelling nei ûngrypbere loften
En ik seach de fantasij fan in keunstner.
De hantsjes plantenngemaklik in pear blokken yn 'n boufallich patroan
en ik seach de skepping fan 'n boumaster.
De fuotsjes skopten wyld 'n ferjitten bal
en wylst in flok it stikken guod aaide seach ik de moaiste goal.
Mar soms, as ik rjochtút bin, dogge syn bepleistere knibbeltsjes my tinken
oan in deisk libben fan fallen en opstean.
Jac G.B.
Yn oktober 1943 binne Marten en ik troud...dat wie midden yn'e oarloch, dat in grut feest mei bulten iten en drinken hat it net west...hjir en der hellen wy wat meubels en sa wei en dan koe it wol oangean....wie der thús ek wer in iter minder...we kamen op it Noard yn Warkum te wenjen, skean foar de roomske tsjerke oer. De oare deis moast Marten wer gewoan oan it wurk en der siet ik thús....allinnich...en ik wie ûnwennich...dea-ûnwennich fan de mar. Wa hie ea tinke kinnen dat ik dat oarde fan earmoedlijers misse soe..ja, dat ik er net iens sûnder koe. Ien dei haw ik thús sitten...doe pakte ik de jas en sa gau as Marten nei syn wurk gong rûn ik de mar yn nei hûs ta. En middeis wer werom...
|
De ûnderdûker,
.......net dat er op it Noard te min te rêden wie...och hearken né...der wie altyt wol wat. Ek omt Marten hjir yn Warkum by it ferset siet en sa koe it dan ek barre dat der op de frjemdste tiden ûnderdûkers by ús yn'e keamer sieten. Dan wer ris ien, in oare kear wat mear...mar hoefolle it der ek wiene se hiene altiten honger. Op in jûn wie der ek wer ien by de doar...hy kloppe op it rút..ik die iepen en hy sei dat hy dit adres krigen hie en dat er hjir wol ûnderdak krije koe....Op dat stuit hie ik drokte genôch oan'e holle want ik wie twa dagen earder befallen fan ús Jettie mar jo kinne sa'n man ek net stean litte fansels. Doe"t er yn de keamer siet en de lytse poppe bewûndere hie, fertelde hy dat er út it wurkkamp wei kommen wie, en..... hoe koe it ek oars, hy hie honger. Dat kaam beroerd út, want der wie net in krommel iten yn'e hûs...útsein dy hearlike sûkerboffert dy't wy krigen by berte fan Jettie. Mei sa'n ryk besit woest wol súnichoan dwaan dat wy hiene der elk noch mar in tin stikje fan hân...mar de honger wie fan syn gesicht ôf te lêzen en ik koe it net oer myn hert ferkrije en sis dat der neat te iten wie. Ik helle de sûkerboffert út'e kast en snie der in stik ôf...hy fûn it hearlik en woe noch wol in stik...en noch ien...en noch ien...de man is sêd wurden, dat wol, mar ús boffert wie op! In dei as wat letter is der wer oppakt...wat der fan him wurden is wit ik net....der heardest eins nea wat oer......
fjouwer turfstekkers oan in bakje, de twadde fan lofts is Philippus
.....der is ek in bulte turf makke yn de mar. Achter Teernstra syn pleats mar ek fierderop achter Breewar. Alle minsken út'e mar holpen mei yn de turf. it wie ek in manier om der wat by te fertsjinjen, want fan de kei allinnich koest net libje. Yn de oarloch wie der fansels fan alle kanten fraach nei brânje. Der wie dan ek in libbene hannel yn turf út'e Mar. Us heit wie ek altyt drok dwaande mei it turf meitsjen...tegearre mei Philippus en sa...de wiete dridze waard yn grutte bakken goait en dan stie Philippus der op syn klompen yn om te traapjen.
As de turf dan droech en klear wie moasten wy it op grutte bulten sette...it koe dan lekker waarm wêze dy turf yn'e kachel, mar asto dy dingen op souder lizzen hiest dan kaamen troch de waarmte de lúze- en fliegeaaikes út en siest yn de koartste kearen ûnder it ûngedierte......
Ik krige fan Gerrit Twijnstra fan Museum Warkums Erfskip in kopie fan in prachtig gedicht oer de Veenderij yn de Warkumer Mar. Ik sil de foto hjir sa dúdlik mooglik op sette dat it sil wol eefkes duorje foar't er downloaden is. Mar it is de muoite mear as wurdich. ( Der achteroan komt ek noch in fertaling by mei wat opmerkings, lês dat oars earst mar) O, ja. Sjoch foaral op de site fan Warkums Erfskip. http://members.lycos.nl/muswarkumserfskip
AANVANG 17 MAART 1890
De Nieuwe
Veenderij nabij de stad Workum,
Eigenaar den Heer SNELLEN. Werkgevers DE VREEZE &
KETELAAR & COMP
Opzichter voor t Waterschap: H. BUIJS, woont in t
Veenland.
ZANGWIJZE:
Dat d werkman doet herleven. Door VREEZE[1] en door KETELAAR[2] Wordt werk aan t volk gegeven. Jaren lang is t al geleên Liep men over t veenland heen
Nu
geen tijd verliezen, Gaat
de Veenderij bezien, Wil
uw putje kiezen. Toon
met kracht in t jaargetij Werkzaamheid
in Veenderij, Bij
de Stad gelegen, ) Wordt
thans werk verkregen ) bis. Leg
nu niet te dralen ) Wil
je ark maar halen ) bis.
Sneeuw
en ijs verdwenen, Op nu
! naar de Veenderij ! Spoedt
met lust u henen. Weest
vooral van zessen klaar. Steek
nu turf maak baggelaar Voor
rijken en voor armen ) s Winters te verwarmen. ) bis.
Zijn
beide hier werkgevers, Dit
doet den werkman recht plezier, Stads
Burgerij ook tevens, Want,
nu ziet men niet op straat Drentelen
met veel gepraat Met
laarzen, schop en spade ) Werkt
men in de aarde.
) bis.
Schepen
zag men varen, En
als t Workumer kermis was[3] Zong
men op de baren. Zeilwedstrijd
was dan op t ,,Meer, Burger,
Boer en Dame, Heer Spoedden
zich daarhenen, ) Elk
op zijne benen.
) bis.
Menig driekleur waaide, En
den dronk men wijn en bier, Pet
en t hoedje zwaaide. Orgeldraaijers
met muziek t
Was vermaak in t leven ) Zelfs
op t eiland ,,Breven.
) bis.
Jongelingen
mede, Moesten
bij den wedstrijd zijn, Dan
was er vreugd en vrede. Menig
stad- en landgenoot, Ging
per schip of ging per boot. Om
t goed te bekijken ) Ging
men zeilen strijken. )
bis. |
Bruisde
door die baren. Theodorus
B. de Boer Wel
meer dan vijftig jaren. . Vaten
Boter was zijn vracht, Hij
moest varen meest bij nacht Van
Workum naar Harlingen, ) Om
Boter daar te brengen. ) bis.
Somtijds
niet te varen, Schepen
raakten menig keer Vast
op deze baren. Maar
die tijd is lang voorbij, t
Meer is nu Verveenderij Droog
is zij gemalen, ) k
Doe t nu thans verhalen )
bis.
Menschen
kleinen, grooten H
..
van Dijk ook van t Noord Ook
vele stadgenooten. In de
nieuwe Boerenplaats Woont
baas Buis[4]
de onderbaas Met
zijn vrouw en zonen, ) Om u t werk te toonen. ) bis.
Lui
moet men niet wezen, Dat
past niet in het baggerwerk, Knaphandig
moet met wezen. Want
eens komt de zaterdag, Dat
men t loon beuren mag. Dan
is t elks begeeren ) Eens
te wezen: Heeren. ) bis.
De
steekturf baggelaren, Die
nu per duizend word geteld Aan
schippers die hier varen; Want
de turf ze is niet duur, En
mooi koolig aan het vuur, Ze
zullen uitdooven
) In
moedertje haar stoven ! )
bis. 18.
k Geloof dat hier wel aftrek komt Gaat
Burger, Boer, gaat kijken, Als
winters flink uw kachel bromt Hoeft
gij niet te bezwijken Van
de koude in uw huis, Vraag
dat maar aan de baas Buis, Die
zal t u wel vertellen,
) Uit
de Veenhoop van Heer Snellen. )
bis.
En,
meer, aan alle kanten, Dat
t met hun turf voorspoedig ga, Soliede
en beste klanten. k
Wensch aan allen geen te kort, Dat
er meer gebaggerd wordt Bij
duizenden om te tellen, ) Uit
de Veenderij van Snellen. ) bis. WORKUM. Saâmgesteld door S. D. H.[5] |