ANNA

30 oktober 2001,

...Ik bin Anna Maria Feenstra en wenje al mear as 18 jier yn de Warkumer Mar. Us hûs stiet flak by it gemaal. Ik bin bliid dat ik hjir wenje, omdat ik hjir in hoop frijheit ha. Do hoechst eins mei gjin ien rekken te hâlden. Ja mei myn eigen bisten, dat wol. Ik ha kninen en in pony dy't ik elke dei fersoargje. Simmerdei dan ryd ik op myn pony. Yn'e winter net want dan is it lân te wiet omdat it hjir sok leech lân is. Wy ha ek noch twa hûnen. De lytste derfan is fan my. Mar der haw ik eins net folle wurk fan., omdat wy de hûnen hjir net út hoege te litten. De hûnen binne ek wend oan de frijheit. Soms is it wolris ferfelend as't nei hûs ta fytse moast en it is min waar is en it waait hurd. Wylst ik dat opskriuw moat ik oan foarrich jier tinke doe't der in bult snie lei. Hjir yn de mar wurdt earst net struid want se ha it al drok genôch mei de oare diken. Der leine doe al aardige sniebanken op'e dyk dat do moast goed gas ynhâlde oars glidest fan de dyk ôf! Ek yn it lân leinen hege sniebanken wer ik in aardich ein yn fuort sakke. Wacht.. ik sil dy foto eefkes opsykje dan kist sjen hoe oft it der útseach...

...sa hat it best wol wat .. of net? Achter ús stiet ús hûs.... Néé, ik soe hjir foar gjin goud wei wolle..........

15 novimber 2001

...it hat in bytsje ferzen....dan komt de winter der wer oan.......ik hoopje dat it iis dit jier ek wer sterk genôch is, dan kin we wer ride........ ferline jier mei de Krystdagen ha we ek bere-gesellich riden mei de oare minsken út'e Mar....we ride hjir by it gemaal...dat wetter hjitte foarhinne de Yndyk....in moai grut wetter wersto prachtige rûntsjes ride kinst....it wie dêr hartstikkene gesellich en net te drok....ja, eins is it gewoan ús eigen privee-iisbaan...Philippus en Pieterendy fan Omke Jitte en Tante Marijke wiene der ek en we hiene der drinken en koeke by....om my mei it fan't jier wol wer sa gesellich wêze...

 

 

fan de takomst

kin ik eins neat seker witte

gjin fjouwer wurden

kin ik dêroer sizze

mar hoopje des te mear.

Ik woe da'k wenjen bliuwe koe hjir yn de mar

mar myn âldelju wolle hjir noch net wei

Dan moat ik earst noch mar in húske hiere

Alhoewol't it no safier noch lang net is

En as it echt net oars kin

en ik moat hjir wei

jou mei dan in bulte bisten

en in man dy't boer is

om te helpen op'e pleats

fan de takomst

kin ik eins gjin fjouwer wurden sizze

 

 

 

 

tek_anna copy.JPG (18329 bytes)

8 desimber 2001

......ik haw it seker ek noch net oer ús hûnen hân. Wy ha der nammentlik twa. It binne Jack Russells. Derom hjitte se ek Jackie en Reus. Jackie is fan ús allegearre en hy is al 8 jier. Reus is sawat in heal jier en boppedat is der fan my. Ik haw har nammentlik fan myn eigen sinten kocht!....... Ik fyn dat it moaie hûnen binne. Jackie is brún-wyt en omdat der âlder wurdt, wurdt der no griis. Reus is swart-wyt fan kleur. Se hawwe hjir de romte, dat ik fyn dat se mar in moai plakje hawwe hjir by ús. Se binne faak los. Meastentiids komme se net by ús yn'e hûs want se hawwe in grut hok  yn'e skuorre en der is romte sat.........

 jackie_1.jpg (2478 bytes)  Dit is JACKIE

It binne net grutte hounen (dat kinst ek wol sjen op'e foto) mar se binne wol fel. Se stean dan ek altiten te blaffen as der ien by ús  hiem it op komt..........By Jackie hawwe wy fan't jier noch jongen hân. Der wiene der fiif.  Trije bin' der fan libjen bleaun. Doe't de jonge hûntsjes wat grutter wiene koene se ek fan de frijheit hjir genietsje........ Reus haw ik dit jier kocht. Hy hie goed mazzel, want hy koe eins noch net allinnich litten wurdeen derom mocht hy de twadde deis  fuortendaliks mei op fekânsje. Reus hat dan ek in machtige wike hân, want hy koe lekker ûnder de tekkens sliepe. Dat wie behoarlik wennen foar Reus doe't we wer thús wiene, want doe moast der yn it hea by Jackie. Ik bin bliid dat wy dy twa hûnen ha, want ik fyn dat it der by heart ast op in pleats wennest.....

reus_1.jpg (10532 bytes)  Myn REUS

....o, ja dat soe ik hast ferjitte...witte jim wol dat myn nichtje Anneke yn Denemarken in lytse poppe krigen hat?....dat betsjut dus dat omke Jitte en tante Marijke pake en beppe wurden binne! Foar de earstae kear! Is dat nijs of is dat gjin nijs! Hy sil it jim sels ek wol fertelle......

 

Maart 2002

......it hat noch al wat stoarme de ôfrûne wike, dat wy tochten dat it no ek wolris oer wêze soe mei dy hurde wyn. Fansels, oan de goede kant fan it glês is it in moai gesicht as it reinwetter mei de hurde wyn tsjin de rúten smiten wurdt. Dan tinkst der eefkes net oan datsto hjir op it plattelân wennest en moarns betiid noch wolris yn it tsjuster op'e fyts nei skoalle of dyn stageplak moast. Dan woe ik dat it wer maitiid wie....of it oare jier want dan kin ik mei myn rydbewiis begjinne, en as ik der dan foar slagje kin ik faaks de auto meikrije nei myn stage as it min waar is. Dan moat ik fansels wol as earste fuort moatte, want der bin hjir noch in pear dy't net altyd likefolle nocht ha om troch dat wiete waar te fytsen......

rein.JPG (17749 bytes)

........ferline wike wie it ús tante Marijke (fan Jitte) har jierdei. Ik hie in blomstikje makke en Matteke en ik soene dat der tegearre eefkes bringe. Wy soene der om trije oere wêze. Doe't wy sawat fuort soene sei Matteke ynienen tsjin my dat se gjijn nocht hie om te fytsen en dat wy wol mei de auto koenen. Ik sei tsjin Matteke dat ik dan noch leaver op de trekker gie en dat wie Matteke ek wol goed. Wy nei heit ta, mar dy woe it net lije. "kinne wy dan net mei de auto?" flapte ik der samar út. "en it begjint aanst ek noch te reinen" sei Matteke der achteroan."en ik wol net wiet wurde" As twa jonge blommen soks freegje dan kin in heit gjin né mear sizze en sa sieten dizze twa mormels yn'e auto op reis nei tante Marijke.........it is mar in kilometer fierderop mar wy ha wol foar hûndert kilometer wille hân............

....dat wie yn'e auto, mar ik bin okkerdeis ek op'e trekker fuort west! .....omke Jitte skille dat it hea foar syn geiten op wie en frege oft wy ek noch wat hiene want wy hiene dochs sat. Hy soe it wolris ophelje. Doe gie der by my in ljocht op...ik soe it der wol eefkes bringe kinne! Ik ha goed seure moatten by ús heit, mar lang om let mocht it dan dochs. Earts woe heit sels ek noch mei...doe bin ik lilk fuort rûn...(dat helpt, sjoch)...want letter kaam heit yn'e hûs en sei dat ik wol allinnich mocht......en dat neam ik no spannend!...hielendal allinnich op sa'n grutte trekker mei in flinke karre der achter en dan oer dat smelle betonpaad troch de Mar...ik kaam ûnderweis aldergelokst gjin auto's tsjin dat ik koe moai rjochttroch ride....ik trille der súver fan....by omke Jitte ha wy it hea der ôf smiten en moast ik de trekker keare. Achterút gie net sa bêst, want de karre stie dwers achter de trekker....mei in grutte draai foarút slgge it better en koe ik krket wer op de dyk komme...thús ha'k de trekker wer oan'e kant set en ik sei tsjin heit: "de trekker en de karre ha de reis oerlibbe en wat my oanbelanget kin it wol wer"....

 

MATTEKE

31 oktober 2001

...Hoi, ik bin Matteke, it suske fan Anna en ik wenje dus ek yn de mar. Ik gean elke dei op de fyts nei Boalsert, nei it Marne College. Dat is sawat 10 kilometer en dat is in flink ein ast yn'e wyn hast en it waait hurd. Ik wenje hjir al myn hiele libben mar ik wol hjir net altyt wenjen bliuwe. Omdat de stêd en it doarp ta fier fuort is mei ik jûns net allinnich yn it tsjuster fytse. As ik nei "de Keet"gean wurd ik meastentiids mei de auto ophelle, mar dat is al om tolve oere.... dat is fiersten te betiid!.... Trouwens, fan'e moarn wie it ek betiid. Ik waard wekker en it waaide hartstikkene hurd. Dan kinst hast net fan bêd ôf komme. It bêd is sa lekker waarm as it bûten kâld is en hurd waait..... Us mem bringt my nei skoalle ta! Gelokkich mar. It waait ek fierst te hurd!...

15 novimber 2001

matfyts.JPG (6544 bytes) matfyts_1.JPG (7071 bytes) matfyts_2.JPG (9463 bytes)

.....gewoanwei is it noch tsjuster as ik nei skoalle fyts, mar fan'e moarn waard it al ljocht...it hie in bytsje ferzen...it gers wie wyt......ik hie ek tocht dat it kâlder wêze soe, mar dat foel in bytsje mei....oars krijst earst fan sokke kâlde hannen...nei in skoftke fielst dat net mear, mar ast dan op skoalle yn'e waarmte komst ...dan begjinne dyn hannen dochs te prykjen...

 

tek_matteke copy.JPG (20837 bytes)

 

Fûgels dy roppe

oeral om ús hinne

en driuwe de wolken

sûnder ophâlden foarby

Kinst de romte wol fiele

en hearre de stilte

mar dochs....

...yn de mar is gjin Keet

en yn de mar is gjin Joo

net Deadline net Fragments

en flarden fan wurden en wille

mei freonen en freondinnen 

minsken, muzyk, it lûd en it ljocht

dát trochelkoar hinne

en der tusken

stean ik

 

.

28 novimber 2001

...ik sit no boppe te húswurk te meitsjen. As ik it aanst ôf ha dan kin ik noch moai eefkes tillefysje sjen. Wy kinne mar trije netten krije, want hjir yn'e Mar is gjin kabel. Dat is wolris ferfelend want der binne programma's dy't myn froendinnen wol sjen kinne en ik net! Mar dat went wol. Dan sjoch ik wol op ynternet. Dab sjoch ik oft myn stikje der al wer op stiet!.....om my koe it ek wol wer winter wurde. Net sa'n mizerige, súterige winter, mar ien dat it goed friest. Dan kinne wy hjir wer op ús privé-iisbaan ride. Gesellich mei al dy oare minsken út'e Mar....

 

29 jannewaris 2002

...ferline wike hie ik it aardich drokker as no. Mar goed dat dat no net sa is want aors hie ik it net oerlibbe. Ik hie in toetswike. De sifers dy't ik werom krigen ha falle my mei. Ofrûne sneon ha wy nei'"it Joo"west, yn Aldegea. Foar de tiid moasten wy earst noch nei in oar ta want dy wie jierdei west. Fan sneon op snein ha ik by in freondinne slept. Dat doch ik wol faker as we op stap geane want oars wurdst sa betiid ophellle. It wie wer geweldich! Ynkoarten binne der wer wat mear feestjes. Fan de measten haw ik al munten en dat is mar goed ek want oars soe al myn kleanjild der sûnder mis wer oan gean. Wy sille aanst ek wer volleybalje mei de buurt. Yn Parregea, yn de sportseal, is dan in kompetysje wer't Anna en ik ek oan mei dwaan sille. Dat is altyt wol gesellich.......

 

maart 2002

......hjoed moast ik myn úteinlike kar meitsje út de fakken dy't ik dwaan gean op skoalle. Ik ha keazen foar fakkenpakket "natuur & gezondheid" omdat ik letter graach wat dwaan wol mei yn'e rjochting fan "voeding". It is in wichtige kar, want do moast no wol sizze watsto de rest fan dyn libben dwaan wolst....hoe dan ek, dit is de kant dy't ik út wol en wat der fierder mei barre sil wit ik noch net......miskien gean ik wol trouwen as ik fan skoalle ôf bin en wurkje ik net iens mear omdat ik bern krij....alhoewol.....ik moat der earlik by sizze, dat dat net yn myn planning leit. Earst mar wat leare en wat feeste

reinhert.JPG (11081 bytes)

en....en ik ha ek in freon...Rein...myn ferkearing..en hy hat snein syn jierdei.... en oer in pear jier bin ik klear mei it VWO en wol ik fierder leare, en wurk sykje en fan it libben genietsje! ( mar dat doch ik no ek al).....