Kikkertkonsert...

Sjoerd Kramer is de basgitarist fan de groep Skarl. Hy is dwaande mei it komponearjen fan it Kikkertkonsert. Syn earste ynfallen hat er op de gitaar ynspile, en dat tema is hjir te hearen. Juster, 16 jannewaris 2002 stjoerde hy it folgjende berjocht. "No't ik sit te prakkesearjen oer de muzyk foar Breewar, dan tink ik dat in elektroanysk oargel mei in ritmebox brkber wze soe. Faaks omdat der sa'n oargel by Philippus syn heit en mem, yn'e Mar, stiet. As it der noch stiet. De ritmebox fan sa'n apparaat hat wat fanselssprekkends, hy dreunt deagemoedereard troch, krekt as it deistich libben. Mar magysk is der ek, dy ritmebox. In toverdoaze. It gemaal yn de Mar soe de foarrinner west hawwe kinne fan dizze "nije" ritmebox. En wa wit hat de kikkert wol oan de basis stien fan it harmoanium. Want de kikkert kin bst in organyske, yn it wyld libjende oerfoarm fan de blaasbalge wze.

........Alve oere jns, twa markikkerts prate mei elkoar........