Op dizze side is wer in fragment te hearren fan it "Kikkertkonsert".Dizze reis is it een part fan it stik dat Pieter Kurpershoek skreaun hat en dat giet oer it gemaal. Pieter seit der sels it folgjende oer: "Dit muzykje symboalisearret it gemaal yn de Mar. Doe't ik yn'e jierren 80 op de MAVO yn Warkum siet gie ik nei skoaltiid in soad nei de Mar te aaisykjen. Dan sette ik de fyts wol gauris by it gemaal del. Dźr achter yn de Mar wiene prachtige stikjes lān. Ik hie by it gemaal it gefoel as wie ik op it "drielandenpunt". Lofts lei Parregea, rjochts Ferwālde en foar my śt Warkum.
Op dat plak smookte ik myn earste sjekjes en koe ik oeren sitte achter in hikke. Wachtsje op wat aksje.
De lūden en yndrukken fan doe haw ik besocht yn muzyk om te setten. It piepjen en kreakjen fan it gemaal. De roeken en de ka's dy't der omhśsken. De trombone en de trompet steane foar it korps "Crescendo". Want foar dat ik it lān yngie, oefene ik altyt eefkes. Letter bin ik drummer wurden. It kin raar rinne no juh.....
IT STOOMGEMAAL...
Tolvetūzen kilo koalen, op in bult nźst it
gemaal foarearst genōch om it koperen mūnster sźd te hālden Yn dizze winter mei dat algeduerich reinich waar. Twa tweintich-liter-blikken konsistintfet hoedzje kaak en yngewand' foar ūnfoarsjoen ferslokken Sa kin't der oant de maitiid skoan mei ta. En yn de hoeke, foar de greep, it ekstra baaltsje poetskatoen om slobber-op-swit fan it hite lichem ōf te feien as it skobske kielsgat om de sechtich tellen in oare fyftich kubyk wetter opbrekt en, op syn meast, trije meter heger oer it paad yn d'Yndyk spuit. |
..........of hoe bleauwen de fuotten fan'e markikkerts droech.
Om 1900 hinne seach it gemaal der sa śt. De skoarstien stie der noch neist, dat we kinne wol oannimme dat de stoommasine der ek noch yn stie. Neffens in taksaasje yn 1920 fan de hear Hubert śt Snits waard de "compound stoommachine van zeer oud model, met Meyers' expansie, welke bij 75 omwentelingen en 9 Atm. druk, plm. 80 ą 85 I.P.K kan ontwikkelen" hurd minder. De masine kaam sa stadichoan oan ferfanging ta, lykas de "stoomketel met twee vuurkanalen van het stijve type" it net lang mear folhālde soe. Wol sei de hear Hubert dat de masine tige goed ūnderholden wie. Dat wie in moaie fear yn'e kont fan masinist Schaap. Op de foto glimt er krekt likefolle as syn masine.
En dat it adfys fan Hubert opfolge waard docht wol bliken op de foto hjir ūnder, want dźr stiet Philippus Teernstra by "den nieuwen en voordeeligen installatie met schroefpomp en gelijkstroommachine". As de ferbouwing ek de reden wie dat de ālde Schaap net mear masinist wźze, koe kin gjinien mear fertelle. Wol bin der noch genōch minsken dy't witte dat it gemaal ūnder Philippus like skytskjin wie as foarhinne. Philippus (de heit fan Marijke dy't mei Jitte troud is ) wie eins boer, mar syn hert lei by de technyk
Wie it gemaal earst fan de heer van Hall dy't de hiele Mar en alles wat der by hearde yn 1882 foar twahūndertfiifentweintichtūzen gūne oernaam fan de "Friesche Landaanwinning maatschappij". Dernei waard it wetterskip de "Workumermeerpolder" oprjochte. Mar de mar wie min droech te hālden. Net omreden dat it gemaal net goed wurke mar omdat de boeren op de hege stikken lān rūnom, it oerstallige wetter yn'e mar rinne lieten as it harren it bźste śtkaam. Hja setten de skuven iepen en rūnen fluitsjend wer nei de pleats. Om dat te feroarjen kaam der in grutter wetterskip; "De Beveiliging". De skaalfergrutting sloech ta en yn 1976 gie "De Beveiliging" op yn wetterskip " It Marnelān". En sels dat wie net genōch want hjoed de dei leit Breewar yn "Marne-Middelsee", en it moat noch grutter wurdt der sein..
Jacob Bouwhuis hat in aardich ferhaal skreaun oer de skouwing fan de Mar. Der waard dan sjoen oft de boeren harren sleatten wol goed skjin makke hiene. It bestjoer fan wetterskip de Beveiliging, wer't syn heit ek yn siet, rūn dan in dei by de lannen del. Klik hjir foar it ferhaal "De Skouwing"