Der is hiel wat ljipaaisocht yn de Mar. Om se op te iten ( mei redyskes op in stikje brea) mar ek om wat sinten by te fertsjinjen. It wie der yn'e Mar in moai stikje lân wer't net allinnich ljippen harren nęst hiene, mar ek skriezen, strânljippen, hoarntsen en ljurken. Tsjintwurdich is it ljipaaisykjen net mear wat it foarhinne wie. Jo moatte no in pas ha om it lân te kinnen. Alhiel yn de stiel fan de fergunning- en regelkultuer wer't wy yn libje. It sil wol moatte. En derom falt in grut part fan de warkumer mar ek űnder it behear fan natoerbeskermingsorganysaasje "It Fryske Gea".

Jacob Bouwhuis hat noch in moai gedicht makke oer de ljurk dy't nestelt yn de Mar.

Ea haw ik sels ris in tekst makke foar in liet oer it aaisykjen. Dy woe ik jim eins net űnthâlde.

aaipet_copy.JPG (12682 bytes)

As it maitiid wurdt en it iis is fuort, dan rint in fries yn't lân. Mei in pols en in pet dan doochst dochs net, jonges, jonges wat in ferstân. Hy stiet al bűtendoar as elkenoar noch lekker te sliepen leit. Né, in fries is lang net fris, der is wat mis as sa'n grutte omkoal seit:

"Moast ris sjen.... yn it lân.....dęr leit in aai! Ik fyn it earste aai fan Fryslân!"

Kieuwyt!...en oer de wjuk it seit my gjin fuck mar in fries hat dan gjin ręst. Hy baggert troch de klaai, foar ien sa'n rúdich aai yn in kúltsje yn it gęrs. As hy it ljipaai hat, dan komt it yn'e pet en syn eagen wurde wiet. It is dochs wol healwiis as sa'n oprjochte fries om in aai te grienen stiet:

"Moast ris sjen.... yn it lân.....dęr leit in aai! Dit is it earste aai fan Fryslân!"

Mar op it selfde momint, kaam dęr in oare fint. Dy stoppe syn aaike yn'e pet en hy wie fansels wer krekt te let!

Mei de smoar yn syn liif, gie hy nei it wiif, syn dei wie goed ferpest. Hy siet yn'e stoel, mei in lilke smoel en in fol krat bier derneist. De ien nei de oar slacht der efteroer dat hy krijt wer in better sin. Hy falt yn sliep en hy dreamt fan in ljip en raast sa hurd as der kin:

"Moast ris sjen....yn it lân....der leit in aai! Ik fyn it lęste aai fan Fryslân!"

 

aaien_copy.JPG (33266 bytes)

Elk jier blaasde ik myn earste ljipaai út en knoopte it mei in toutsje oan de balke boppe de skoarstienmantel. De rest iet ik op.

 

aaistien_copy.JPG (16526 bytes)

Ik makke ek keramyske objecten mei (stjinnen) ljipaaien. It nęst wie makke fan skerven.

 

Op in dei fűn ik in deade ljip op'e dyk. Seker in auto oerhinne riden of sa. It wie waarm waar. Al in pear wike efter elkoar. Dat it bist wie aardich ferdroege en ik tocht: "dy nim ik mei, it moat raar węze en ik kin der neat mei". Ik ha der in trijelűk fan makke. As in earbetoan oan dy "loftheld" dy't sa raar oan syn ein kommen is.

ljip_1_copy.JPG (21345 bytes)

 

Wylst ik siet te tekenjen prakkesearde ik oer wa't dize ljip eins wie. Wa't syn froutsje wie en sa. Soe dit it mantsje west węze fan it wyfke dat yn 1995 it earste aai fan Fryslân lein hie? As dat sa węze soe dan hie de Kommisaris fan de Keningin yn Fryslân fan doe, de hear Wiegel, it earste bern fan ús maat krigen. Tsien minuten siede litten, doppe, wat sâlt deroer dien en opiten! De dierebeul!

 

ljip_2_copy.JPG (21902 bytes)

 

Ik ha de tekeningen mei in lúsjefershoutsje en inket makke. Der krijsto dat moaie spontane hânskrift fan.

 

ljip_3_copy.JPG (19514 bytes)