Hjir kinne jo sjen hoe't it der by stiet mei it stik. Earst de sketsen. No bin ik by de śteinlike fase oankommen. As jo eefkes fierder lźze kin der sjoen wurde hoe't de ynhāldt fan de website stadichoan yn it stik ferwurke wurdt. Dit ūnderdiel wurdt sawat elke dei oant en mei 13 augustus byholden.
* De seilen binne klear!
* De foarstelling kin begjinne
* It is in sukses!
* En dan moat it wer opromme wurde...
* It lźste stikje....
november 2001..
...yn it begjin siet ik mar te prakkesearjen oer in soarte fan kapel...omdat Breewar eigendom fan de Roomske tsjerke is, hie ik mar yne holle dat der in keunstwurk op it eilān komme moast dat wat te krijen hie mei de tsjerke.... yn in tsjerke tinkst nei oer it libben en ūnder myn keunstwurk koest op in bankje ek sitte en tink nei oer it libben en de romte om dy hinne...
mar hoe langer ik der oer nei tocht hoe mear ik fan dat tsjerke-idee ōfstapte....want de minsken dyt yn de Mar wenje ha de bynamme fan "Markikkerts"krigen.....dan moat it eins wat mei kikkerts wźze....ja, noch wol in bankje of sokssawat derby, want it bliuwt aardich as men dźr in eintsje fan de dyk ōf eefkes hielendal allinne sitte kin...eefkes stil...mar dan mei in dak boppe de holle fan beskildere doeken dyt frij hingje oan izeren bōgen....dy bōgen binne dan de sprongen fan de kikkerts....en ast fan foaren sjochst is it krekt as komt der san kikkert op dy ta fleanen...mei de poaten wiid śt...as wol der hielendal om dy hinne komme.... konstruktyf is dat ek folle better want de doeken kinne frij mei de wyn mei waaie en de sinne mei boartsje.... op de sketsen is te sjen dat it oansjen wat abstrakter is en dertroch folle nijsgjirriger....hjir wolst wol nei ta rinne om it te besjen , wylst it fan ōfstān ek yntrigearjende foarmen hat...ik sjoch it foar my, ōfstekkend tsjin de loft....wachtsje eefkes dan lit ik wat fotos sjen fan de beskildere doeken fan "de Dodendans" wer it ljocht trochhinne skynt, dan kinne jim sjen wat ik bedoel mei it boartsjen fan de sinne en it ōfstekken tsjin de loft......
(In moai idee mar ik bin der al wer fan ōfstapt. It maot ienfāldiger. Dat heart by de Mar)
Desimber 2001,
in pear dagen ferlyn binne de plannen dy't ik hie aardich oer de kop skuort. Ik kaam nammentlik yn it argyf op it gemeentehūs fan Nijefurd. Ik siet der wat te sneupen yn ālde Friso's (de warkumer krante) doe't myn each foel op in adfertinsje fan de sylferiening "Warkum". Deryn diene se berjocht fan de oansteande sylwedstryd op de Warkumer mar. Yn 1876, harren jubileumjier. Se bestiene 25 jier. De opjefte wie yn logemint "De Zwaan". Lit dat no krekt it plak wźze wer'ik no myn atelier ha! Nei oanlieding fan dy adfertinsje brocht de argyfaris my in āld notuleboek fan de sylferiening. It iennige wat dźr fan bewarre bleaun wie, wiene de jierren 1875 en 1876. Soe dat tafol wźze of binne hjir hegere krźften yn it spul? Yn de notulen stiet in ferslach fan de būtengewoane gearkomste fan moandei 24 april 1876 jūns om 7 oere. De foarsitter komt mei it ōfgryslike berjocht dat de yngenieurs fan doel binne om de Warkumer Mar al yn oktober droech te hawwen. Dat betsjut dat der wol in wedstriid is mar gjin wetter om op te farren! Dat joech gāns opskuor. Prachtige prizen mar gjin winners! In regelrjochte ramp.En de haadpriis waard ek noch wol oanbean troch Z.K.H Prins Hendrik!! Dit ferhaal sette my oan it tinken. Want as de sylferiening 125 jier ferlyn op Breewar in tinte delsette woe om harren feest te fieren dan kin ik dźr, histoarysk sjoen ek in "feest" fiere. Mar dan moat dat feest mei de sylferiening te krijen hawwe. Ik bin doe śtein set mei it script foar in koart toanielstik oer dizze bjusterbaarlike gearkomste en wol dat opfiere yn ien fan de lokaasjes yn de Mar.Sa gau as dat kin sil ik hjir wat passaazjes fan publisearje. Mar no ik dit allegear wit dan moat it keunstwurk ek hiel oars wurde, dat moat ek mei de boatsjes en tiid dat der noch wetter yn de Mar stie te krijen hawwe.
|
Jannewaris 2002,
It keunstwurk op Breewar sil wat te krijen ha mei seilen. Seilen dy't draaie kinne op de wyn. In stik as 6, miskien 7, sa krekt njonken Breewar. As lizze der sylboatsjes oan de steiger. It materiaal soe dan fan frij wat transparant doek makke wźze kinne. As de doeken dan efter elkoar steane, dat der dan oare tinten ūntsteane. Dat kin in prachtich gesicht wźze fanōf de provinsjale dyk. En it feroaret eltse dei. As de wyn draait. As de sinne opkomt. As der ūndergiet.
Ik moast it dan eins sa meitsje dat se te dragen binne, want dan soe ik der miskien ek wol in sylwedstriid op it droege fan meitsje kinne. Draagber lykas de findels fan findelswaaiers, dy't de stok yn in soarte fan leren hālder foar harren liif hawwe. Ik sjoch it al foar my. As in trage balletfoarstelling glide de boatsjes foarby. Ien foar ien geane se om de tonne. Lavearje en dan troch de wyn...En oerdei leit it spul oan de "hurdsilerspōle" Breewar. In dynamisch keunstwurk! Wurdt tink ik net sa faak fertoant. Hjir komt gau mear oer.........
9 july 2002
It stik begjint te groeien!
De tariedings binne yn folle gong. De repetysjes binne śtein set en de muzyk is sa goed as klear. Jannie van der Veen regisearret it stik dat mei trije haadpersoanen spile wurde sil. Jappie Feenstra spilet de rol der't it ynterview mei Jitte de stof foar levere hat. Jappie is een jongere broer fan Jitte en wennet yn Warkum. De rol dy't śt de ferhalen fan Marie Visser-Muller distillearre is wurdt spile troch Sybrecht Speerstra. Zij is goeie kunde fan Arjen Hilt dy't yn de earder masjinistewenning fan it gemaal wennet. Arjen docht sels trouwens ek mei. Sanne Minke Tijtsma nimt de rol fan de twa famkes foar har rekken. Dizze rol is eins in dūbelrol dy't tagelyk spile wurdt. Thema is de fraag: Kin ik hjir bliuwe of moat ik hjir wei?
Oannimmersbedriuw De Boer & De Groot hat fan'e wike de steiger makke dy't "oer it wetter" tagong ferskaffe moat nei Breewar.
Op de foto binne Ynte en Durk drok dwaande.
Underwyls wurdt der op oare fronten ek hurd arbeide om de seilen, dy't as keunstwurk op Breewar stean moatte, klear te krijen.
Elk seil is sawat 6 fjouwerkante meter grut en moat goed yn elkoar naait
wurde want se steane yn waar en wyn būtendoar. En ūnder de wedstriid wurdt der aardich
mei om tōge. Boppedat moatte se opspand wurde sadat der ek goed op skildere wurde kin want elk "seil" kriget in beskildering. Koartsein: it doek moat ferve opnimme wolle, krimpvrij en izersterk wźze. |
Omdat de spilers de seilen yn de wedstriid drage moatte (it is in
wedstriid op it droege) haw ik socht nei licht, mar wol sterk materiaal. Ik kaam by bamboe
śt. Sterk, superlicht en foaral natuurlijk materiaal. De skilderijen komme op in draaiber fuotstik te stean. Dźrtroch draaie se as in wynwizer op'e wyn. Praktysk: dan fange se de minste wyn. Esthetysk: elk moment fan'e dei steane se wer oars en is it keunstwurk ek oars.
Dźr stiet it earste seil dan! Noch net beskildere, mar wol op it offisjele plak. Nije wike sille de oare seis der wol by komme.
|
By it gedicht fan de boerearbeider sil in fytser ynset wurde. Hy moat
fytse op in fyts mei in grutte fertraging sadat er hiel stadich fytst. It is it byld fan
de deistige gong fan de arbeider nei syn wurk. Jier yn, jier śt. Lykas de sinne dy't
eltse dei opkomt en syn stadige gong lāns de himel giet . Jitte is dwaande om dit wichtige decorstik ynelkoar te fabrutseljen. |
Arjen Hilt makket eefkes in proefrūntsje oer Breewar. Der sit in steuntsjiltsje oan de fyts want oars soe sekuer omfalle, sa stadich giet de fyts.
Omdat it publyk op eachhichte fan it eilān sit (de boppekant fan it eilān is dan de horizon) is der in eigenaardig perspektyf weryn de taskōgers it stik sjogge. It is wol wat te fegelykjen mei in soarte fan kykdoaze. Of sa't ek wol sein wurdt. In coulissenwurking. Sa gau as it kin sil ik der in foto fan sjen litte.
12 july 2002
DE SPILERS
It ferhaal fan Jitte op dizze site hat model stien faor in rol dy't spile wurdt troch Jappie Feenstra, in broer fan Jitte. De rol dy't fuortkommen is śt it ferhaal fan Marie Visser-Muller is foar Sybrecht Speerstra, freondinne fan Arjen Hilt dy't yn'e Mar wennet. Foar de rol fan Anna en Matteke is Sanne-Minke Tijtsma frege. Sanne-Minke spilet beide famkes tagelyk. Dit komt it iensume karakter, dat it stik ha moat ten goede. It liket as ha de persoanen yn it stik neat mei elkoar te krijen en dochs reagearje se op elkoar. De gedichten fan de website fan de hān fan Jacob Bouwhuis en Henk de Boer binne yn it stik ferwurke, sadat der ek in poetyske ūndertoan yn sit. Jannie van der Veen regissearret it spul.
Dizze foto jout in moai byld fan de spilers tsjin de jūnsloft. It is de bedoeling dat der sa min mooglik mei keunstljocht wurke wurdt.
. Sanne-Minke en Sybrecht oan it repetearjen Jappie yn de "koai" |
Sybrecht stiet hjir yn "de koai" wer't twa spilers yn rōlje. Mei troch de kegelfoarm is it perspektivysk in moai byld. As de koai plat leit kin de spilers er mei rōlje sadat it ek de tiid en it rźrwurk fan it gemaal betsjut. |
De skilderijen
Hjoed haw ik de skilderijen makke fan de skipper en syn maat. Se binne sawat fiif meter heech. Dat it kaam moai fan pas dat de āld skuorre fan Piet no leech stiet. Yn datselde hok sil ek in śtstalling komme fan de tekeningen en skilderijen en sa.
De skipper en syn maat binne de persoanen dy't ferslach dogge fan de sylwedstriid. Se farre yn de "Jonge Sjoerd" en se meitsje in grutte kāns om de sulveren tabaksdoaze te winnen.
De seilen binne klear!
Freed 26 july sil it earste seil njonken Breewar te sjen wźze. It beskilderjen is no klear en de draaisteunen steane yn'e grūn. Elke dei komt der ien by. Op de seilen binne de foarletters skreaun fan de boatenammen dy't meidogge oan de wedstriid. It binne sawat deselde nammen as yn 1876. JSJ = de Jonge Sjoerd. JP = is de Jonge Piter. GK = de Griene Kikkert. PH = de Lytse Philippus. PP = de Patserige Podde. JB = de Jonge Baukje. 6 Gebr.= De Zes Gebroeders.
Hjir op de foto steane se noch yn'e skuorre fan Piet Riemersma, dźr't ik se beskildere ha. Dy skuorre kriget noch in moaie rol yn it stik.
Der wurde yn it stik mear skilderstikken brūkt. It binne skilderijen fan kikkerts. Hoe se brūkt wurde sille, moatte jim sels mar sjen by it stik.
Dit binne de geasten fan ālde marbewenners. Ien kear yn it jier komme se op Breewar te feesten en de beest śt te hingjen. Dan steane se yn ūndjip wetter mei drek te goaien.
Yn it sleatsje by Breewar sit in grutte grauwe griene kikkert Sa'n stjonkend luie patserige podde, dy't in lange winter dreamde yn'e dridze
Fan desimber ōf, want dan al leit er op'e bealch langśt yn de jeiter En beskōget dźr syn inkelfāldig libbensdoel. It rźdt himsels, hy hoecht der eins neat oan te dwaan
Wekker fan de maitiidswaarmte dūkt er fuortendaliks op syn wyfke Wat faker en wat djipper, wat better krije jo de dril en tuskentroch wat kwźkje mei de maten
Alteast, as Bakkers blauwe reager him ek fan't jeir net yn it klamme nekfel grypt Dan kin er alle dagen fan de simmer en de hjerst wat om him hinne sjen en fang wat miggen. |
Alle kikkertskilderijen byelkoar sa't se yn de foarstelling brūkt wurde sille.
Nei 125 jier wer seiltsjes yn de Mar
De earste seilen steane op Breewar. Of better sein: nei 125 jier lizze de earste boatsjes wer oan by Breewar. It binne der no noch mar trije, mar yn de rin fan de wike komme der sān te stean. It is fan de provinsjale dyk tusken Boalsert en Warkum no al in moai gesicht en de automobilisten hālde sa te sjen suver yn, om der in glimp fan op te fangen sa ūnder it riden.
En hjir wurdt dan de sylwedstriid holden. Mei dizze seilen. Op de foargrūn sjogge wy "de Jonge Baukje" fan Knossen śt Heech
It komt no fluch tichterby! Der wurdt hurd oefene. Elk op syn eigen terrein. Yn de āld skuorre fan Piet Riemersma (wźr't ek in śtstalling te sjen is) binne Sjoerd, Flip en Piter fan Skarl drok dwaande mei de opnames foar it stik. It is in moai gesicht, dy hypermoderne apparatuer yn it gammelste hok dat mar foar te stellen is. Mar dat is ek Skarl. Ienfāld yn de muzyk is harren krźft.
IT STIK
By de repetysjes hiene wy in bulte lźst fan it minne waar. Reinwetter en hurde wyn. Ja needwaar wie it by tiden. De seilen hawwe alle stoarmen trochstien wylst trije kilometer fierderop de caravans de loft yn fleagen. Dźr docht mar wer śt bliken dat de konstruksje mei bamboe goed wie en de seilen degelyk naaid wiene.
Dochs hawwe wy mei wat improvisaasje de saken aardich op de rails krije kinnen. Dat is foaral ek te tankjen oan de hechte gearwurking fan elkenien en it fertrouwen yn de betinkers fan it spul.
Tongersdei 8 augustus wie it dan safier. De premjźre. Jūns acht oere sieten de spilers en meiwurkers (29 man sterk) oan de oranjekoeke en kofje. De jongste spylster, Jorieke de Jong (10 jier), hie leaver wat oars. In tribune fol mei marbewenners en oare minsken dy't śtnoege wiene foar de earste opfiering fan it stik. Bygelyks de sponsors en de kranten. It waard in grut sukses. Ek al omdat it dizige waar der noch in ekstra glāns oan joech. Yn de Ljouwerter Krante fan freed in skitterende foto op de foarside fan de kikkerts en in moaie kritiek mei nochris in foto fan de sylwedstriid. Yn it Friesch Dagblad ek al sa'n moaie resinsje.
By Breewar wurdt wer syld om in tabaksdoaze Fedde Dijkstra Skipper Henk de Boer fan Warkum sleepte syn publyk justerjūn yn in pream mei oer de
Warkumermar, nei it eilantsje Breewar. Yn werklikheid is de mar gjin mar mear, mar de
djipste polder fan Fryslān. En Breewar is gjin echt eilantsje mear, mar in bulte yn it
lānskip, njonken de autodyk Boalsert-Warkum. Dochs wie it publyk tsjūge fan in
sylwedstryd op de mar. Om de sulveren tabaksdoaze, beskikber stelt troch prins Hendrik. Śt: Leeuwarder Courant, 9 augustus 2002. |
Breewar: sfearfol en apart Eize de Boer Hast in jier lang wie it keunstprojekt www.breewar.nl op ynternet te folgjen. It projekt wurdt
ōfsletten mei in rige muzykteaterfoarstellingen op it eardere eilantsje Breewar yne
droechleine Warkumermar. Sfearfol, ferrassend en apart, sa kin dit stik nei de slagge
premjźre fan justerjūn betitele wurde. Trije generaasjes dogge yn www.breewar.nl har sechje oer it wenjen yn'e Warkumermar.
Is der takomst foar boeren? Moatte der wer mear blommen en kikkerts komme? Is der foar de
jongerein fan hjoeddedei noch takomst yn sa'n 'reservaat'? Datsoarte fragen komme oan'e
oarder yn dit aparte stik, dat mei byldzjende keunst en muzyk in moaie en tapaslike
oanklaaļing meikrigen hat. Śt: Friesch Dagblad, 9 augustus 2002. |
Fan Johan van der Zee krige ik in prachtige foto fan de fytser dy't tidens it stik lāns de kikkerts fytst. In soad besikers fregen harren ōf hoe't Arjen sa stadich fytse koe sunder om te fallen. Ik ha sein dat se dat mar oan Jitte freegje moasten want dy hat de fyts makke. Hoe't de konstruksje dan ek wźze mei it wie in skitterend gesicht sa't hy fan de iene kant fan Breewar nei de oare kant ried.
It is no in goed wike letter. It stik is foarby en it spul is wer opromme. Dan falst yn in gat. De tiid datst sa yntensyf mei elkoar dwaande wiest hat in hechte bān meielkoar jūn. Nije minsken kennen leard. Wa hie der by śs fan Sybrecht heard? En wa fan Harvey en Andries de soannen fan Dirk de Jong, wa syn lān wy brūke koene. En Jorieke, noch mar tsien jier, dy't sa moai de rol fan Baukje spile. En de mannen fan it startskot elke jūn, Jan Feenstra en Piter Kamstra. Alle jūnen op'e nij sieten de besikers stiif op de stoel as de carbidbus fan Jan en Piter mei in alderferskuorendste knal it begjin fan de sylwedstriid oan kūndige.
De seilen bin wer fuort...
Dizze wike (fan 20 augustus) haw ik de seilen wer fuort helle want Johannes Feenstra woe de hokkelingen wer yn't lān ha. Harvey hat my holpen lykas by it delsetten fan it spul. Doe't ik by it seil fan de Jonge Sjoerd kaam seach ik dat der wat oan de gyk fźstbūn wie. It wie in flesse. In flesse mei in oprōle briefke deryn............
Flessepost...
Doe't ik it elastyk derōf helle seach ik dat it in gedicht wie en opdroegen oan mysels. It wie ūndertekene mei Jacob B....in moai gebaar, in moaie ōfslśting. Want stie syn gedicht de boerearbeider mnet mei oan de basis fan "www.breewar.nl" ? Mar it is net allinne in gedicht foar my. It is in tankwurd oan alle meiwurkers dy't it stik ta it keunstwurk makke ha wer't de minsken noch altyt oer prate....
foar Henk de B.
www .breewar .nl
Stadich wurde de seilen wei yn'e dizege kime nei't ein fan harren bestimming fuort efter stjelpen en sompich grien lān. De wyn skodde de lźste jūnstwirre tsjin de fladderjende fok En dźr rūnen, fanśt Brśnsma's Bosk, oer Kromme Leane en Marsdyk de silers de droechmakkers turftrapers lāneigners 'n kromwrotten boer arbeiders de būtensteander de ālden, de jongen, de bern, de bernsbern de man mei syn eigen tinzen en fantasy it langstme, de leafde, it fertriet en de hope it lźste applaus temjitte. Sawat tusken Breewar en de Holle Mar dripte in trien op it betonnen paad ūnsichtber oplost yn'e waarme simmerjūn Jacob B. |